SC Cambuur mist protte spilers

16 sep 2010 - 13:48
  • Mark de Vries; miskien takom wike wol wer

Sportklup Cambuur moat it freed yn de wedstriid tsjin Veendam stelle sûnder seis spilers. Mark de Vries (hamstring), Robert van Boxel (ankel), Sandor van der Heide (ribben), Nuelson Wau (knibbel) en Léon Hese (skorst) binne net ynsetber. Oguzhan Türk hat de gryp hân, mar sit wol op de bank.

Trainer Stanley Menzo hopet dat Van Boxel en De Vries der takom wike wer by binne. Van der Heide slút dan ek wer oan by de groep. Wau moat in pear wiken rêst hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)