Plannen Kulturele Haadstêd

16 sep 2010 - 11:46

Friezen moatte mei in kulturele reis entûsjast makke wurde foar de status fan kulturele haadstêd yn 2018. It is ien fan útgongspunten fan de organisaasje om it festijn nei Fryslân te heljen. 2013 wurdt it plak bekend.

De reis moat dúdlik meitsje wat de Friezen graach sjen litte wolle op it grutte festival. De grutte festivals fan no sille neier gearwurkje. Sa sil de programmearring fan festivals lykas Oerol en it strjitfestival yn Ljouwert better op inoar ôfstimd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)