Minder Fryske wurkleazen

It tal Friezen dat op syk is nei wurk is de ôfrûne moanne mei 1,3 prosint sakke. Dat docht bliken út sifers fan it UWV. Der binne no in lytse 21.000 net-wurkjende-wurksikers yn de provinsje. De wurkleazens leit hjir krekt wat heger as it gemiddelde oer hiel Nederlân.
Nettsjinsteande de ôfname is it net in goed jier foar de Fryske arbeidsmerk. Yn de lêste tolve moannen gie de wurkleazens mei hast acht prosint omheech.