Goud foar Fryske toulûksters

Oefenje foar de westriden
Op de earste dei fan it WK toulûken yn Súd-Afrika hat it frouljusteam fan Vechtlust in gouden medalje helle yn de klasse oant 540 kilo. Yn it team sitte ûnder oaren de Friezinnen Maaike Hornstra fan Jellum en Aaltje Nieuwland fan Jobbegea.
Yn de heale finale waard wûn fan de Koapmangirls (ek in Nederlânsk team) en yn de finale wiene de froulju te sterk foar it Sineeske Taipei. De omstannichheden yn Afrika binne swier, mei waarm waar en in hurd fjild.