Tûzenen sporters nei Fryslân?

16 sep 2010 - 07:15

Yngenieursburo Oranjewoud ûndersiket oft 'World Sport of all Games' nei Fryslân helle wurde kin. Oan dit sportevenemint dogge mear as 10.000 amateursporters út mear as hûndert lannen mei. Dy kinne har ynskriuwe foar tsientallen ferskillende sporten, wedstriden, demonstraasjes en kulturele eveneminten.

'World Sport of all Games' wie yn 2008 yn Korea en is yn 2012 yn Litouwen. De ûndersyksopdracht komt fan Sport Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)