ISO foar Friese Land

© Omrop Fryslân
Thússoarch Het Friese Land hat as earste soarchynstelling fan Noard-Nederlân in ISO-sertifikaat krigen. It sertifikaat hâldt yn dat der goeie soarch ferliend wurdt. By de beoardieling is sjoen nei saken as útfiering en belied en organisaasje.
It kwaliteitssysteem is jildich oant 2013, oant dy tiid wurdt der alle jierren in tuskenevaluaasje hâlden. Thússoarch Het Friese Land hat 2400 meiwurkers en dik 20.000 klanten.