Bysûndere tegels fûn

By de ferbouwing fan it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits binne bysûndere tegels foar it ljocht kommen. It giet om seis tegels dy't sa om-ende-by 1660 yn Harns makke binne. Op ien is in trekskip te sjen, yn dy tiid in hypermodern ferfiermiddel.
Neffens it Skipfeartmuseum giet it om in tige seldsume tegel, dêr't it museum al jierrenlang nei op syk wie. No docht bliken dat de tegel al dy tiid yn eigen hûs ferstoppe lei, achter in laach kalk.