Man lit gaskraan iepen

15 sep 2010 - 16:55

De plysje hat woansdei yn Ljouwert in man oanhâlden dy't de gaskraan yn syn wenning iepen stean litten hie. De Ljouwerter (39) hie dêrmei neffens de plysje foar in gefaarlike sitewaasje soarge. It gas wie de hal fan it appartemintekompleks ynrûn.

De brânwacht hat de haadkraan tichtdraaid. De plysje hat de man, dy't yn de war wie, meinommen nei it buro. De Wybrand de Geeststrjitte yn Ljouwert hat wilens it ynsidint in skoftke ôfsletten west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)