Jonge fuotballers huldige

15 sep 2010 - 16:32

Ashley en Joël Constansia út Ljouwert binne woansdei huldige. De bruorren fuotbalje by Het Andere Oranje. Sneon waarden it nasjonale team twad op it Wrâldkampioenskip yn Afrika. De jonges sitte op it Comenius yn Ljouwert.

Alle learlingen fan it praktykûnderwiis stiene op it skoalplein om har skoalgenoaten te huldigjen. It team is foar talintfolle fuotballers dy't muoite ha mei learen. Het Andere Oranje ferlear sneon de finale fan Saûdy-Arabië.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)