Ferkearsles foar skoalbern

De helte fan de Fryske middelbere skoallen docht oan ferkearsedukaasje. Dat docht bliken út in ûndersyk yn opdracht fan de provinsje. Dat is opmerklik om't it net ferplichte is op de middelbere skoalle. Der is boppedat hielendal gjin lesmateriaal.
Om ek de oare skoallen oer te heljen om ferkearslessen oan te bieden, hat de provinsje de Stichting Bevordering Verkeerseducatie frege om wol lesmateriaal te meitsjen.