Tsjerke Drachten moat opknapt

15 sep 2010 - 13:45

De Grutte Tsjerke yn Drachten wurdt opknapt. It gebou út 1743 wurdt net inkeld mear brûkt foar tsjinsten. Der binne ek tal fan kulturele en maatskippelike aktiviteiten. De tsjerke soe oanpast wurde moatte oan dy nije funksjes. Om jild te garjen, is de Stichting Vrienden van de Grote Kerk te Drachten oprjochte.

De renovaasje sil sa'n sân euroton kostje. De stichting wol dat jild by elkoar krije fia subsydzjes en stipers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)