'Leyten moat opsjitte'

Ljouwert fynt dat projektûntwikkeler Leyten opsjitte moat mei de plannen fan it Cambuurstadion. Dat seit wethâlder Marco Florijn. Neffens de gemeente is it fan finansjeel belang foar Cambuur dat Leyten de plannen rûn krijt. As der net gau wat bart, kin dat negative gefolgen ha foar de fuotbalklup.
Neffens Leyten lizze de plannen al sûnt juny by de gemeente. Sy fine de krityk ûnsin.