Trije kear op de bon

© Omrop Fryslân
In automobilist út Damwâld hat tiisdei trije bekeurings krigen. De plysje joech him yn Ljouwert in boete foar te hurd riden, net handsfree belje en ride sûnder autoriem. De man helle in snelheid fan 160 kilometer op de Harnzerstrjitwei, dêr't 100 kilometer tastien is.
Neist dizze bekeurings oan de Damwâldster skreau de plysje noch fiif oare boetes út foar ferskate oertredings.