Beswieren tsjin asfaltfabryk

Der moat perfoarst gjin enerzjypark mei in asfalt-ming-fabryk op it eilân Schenkenschans by Ritsumasyl komme. Omwenners fan it gebiet makken har beswieren tiisdeitejûn bekend.
Mei troch de komst fan de heak om Ljouwert hinne, wolle de provinsje en de gemeenten Ljouwert, Littenseradiel en Menameradiel dat gebiet ûntwikkelje. Neist it enerzjypark wolle de oerheden ek bedriuweterreinen oanlizze en soargje foar rekreaasje.