Swier ferwûne by auto-ûngelok

By in ûngelok tiisdeitejûn op de A7 by It Hearrenfean is in man swier ferwûne rekke. De man ried op de A7 fan De Jouwer rjochting Drachten. Op it klaverblêd is syn auto yn de slip rekke en tsjin in ferkearsboerd oan bedarre. De man is út de auto klommen en de dyk op rûn. Dêr is hy doe oanriden troch in auto.
De man is mei ferskate ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. Ferkear op de A7 fan De Jouwer nei Drachten waard troch Rykswettersteat omlaat.