Alvestêdetocht tenei yn Italië

De alternative alvestêdetocht wurdt dizze winter riden op de Reschensee yn Italië. Yn febrewaris kin dêr in tocht fan 50, 100 of 200 kilometer riden wurde. De mar leit op 1500 meter hichte en dêr sil tenei alle winters de tocht riden wurde.
De Stichting Alternatieve Elfstedentocht wol dat it in lyts gesellich evenemint wurdt. Mar alle profesjonele help is ek oanwêzich.