Lemster omkaam by auto-ûngelok

14 sep 2010 - 20:07

By in ûngelok op de A6 tusken Emmeloord en Urk is tiisdei in man út De Lemmer (30) om it libben kaam. De man wie belutsen by in earnstich ûngelok. Syn auto en in frachtwein rekken elkoar, de auto rekke dêrnei yn 'e slip en waard doe ek noch oanriden troch in oare auto.

De bestjoerder (22) fan dy auto komt út Boelensloane en is ferwûne rekke. De sjauffeur fan de frachtwein hie neat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)