Takom wykein stoomtreinwykein

14 sep 2010 - 17:53
  • Foto: Omrop Fryslân

Op sneon 18 en snein 19 septimber ride der gjin treinen tusken Snits en Starum. Op it trajekt Ljouwert-Snits ride ek twa treinen minder. De reden fan dat alles is it stoomwykein fan takom wykein. Oer it trajekt rydt dan in stoomtrein.

Foar de stoomtreinen binne noch in pear hûndert kaarten beskikber. Minsken dy't fan doel wiene mei de gewoane trein te reizgjen, kinne mei de bus fan Arriva.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)