Miljeufreonlike dakpannen

Foto: Oetze Deelstra (Omrop Fryslân)
Yn Minnertsgea komme miljeufreonlike dakpannen op huzen te lizzen. Wonen Noordwest Friesland ferfangt de âlde dakpannen foar in nije soart dy't skealike stoffen út 'e lucht hellet. De wenningboukorporaasje is it earste bedriuw yn Fryslân dat sokke dakpannen brûkt. Bewenners fernimme der neat fan, mar foar it miljeu soe it in stik better wêze.
De wenningkorporaasje set tongersdei út ein mei it pleatsen fan de nije dakpannen.