Bankmeiwurker jout bern les

Wurknimmers fan de Friesland Bank jouwe dizze wike les op Fryske basisskoallen. Sa wolle se bern fan groep 7 en 8 it belang fan sparjen bybringe. De Nederlânske banken fiere it projekt út yn gearwurking mei ûnder oare skoalletelevyzje en it Nibud. Fan moandei oant freed is it de wike fan it jild. As ôfsluting fan it jildprojekt gean de bern op ekskurzje nei de bank ta.