Ferset tsjin hynstehotel

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Noardwâlde-Súd meitsje beswier tsjin de bou fan in hynstehotel. De ried fan Weststellingwerf hat tastimming jûn foar in akkommodaasje dêr't tritich hynders mei beriders oernachtsje kinne. Doarpsbewenners binne dêr absolút net foar fanwege oerlêst troch ferkear en dong. Boppedat binne der te min ruterpaden yn 'e buert.
De inisjatyfnimmer fan it hynstehotel fynt de arguminten fan 'e beswiermakkers swier oanset.