Deade by brân yn soarchflat

14 sep 2010 - 13:20

By in brân yn soarchflat Wilaarderhôf yn Ljouwert is tiisdeitemoarn in frou fan 69 jier om it libben kaam. It giet om de bewenster fan it appartemint. It fjoer bruts om healwei tolven hinne út op de begeane grûn yn 'e keuken fan it appartemint fan de frou. It is noch net dúdlik hoe't it fjoer krekt ûntstien is.

De soarchflat stiet oan de Lyklamastins yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)