Undersyk nei favoryt eilân

De Waadeilannen skoare min yn in ûndersyk nei de favorite eilânbestimming fan toeristen. Reisbeoardielingssite Zoover hat it ûndersyk útfierd. Goed 14.000 minsken út hiel Europa diene deroan mei. Trije persint fan harren jout de foarkar oan de Waadeilannen. It rapportsifer is mei in grouwe acht wol goed.
Fan de Nederlanners dy't meidiene oan it ûndersyk, fynt 12 persint de Waadeilannen de moaiste eilannen om fakânsje te hâlden.