Roemeen pakt foar ynbraak

De plysje hat moandeitenacht op 'e Ofslútdyk in 20-jierrige Roemeen oanhâlden foar in ynbraak. Der wie ynbrutsen by in hoarekasaak oan 'e Vitusdyk yn Blauhûs. De plysje seach dêr in auto riden. Doe't bliken die dat dy stellen wie, sette de plysje de achterfolging yn. De bestjoerder koe op de Ofslútdyk oan de kant set wurde.
Yntusken wie yn 'e hoarekasaak in spoar fan in skoech fûn. Dat kaam op itselde út as de skoech fan de Roemeen. De plysje ûndersiket de saak.