Man fan bombus oppakt

14 sep 2010 - 10:15

De plysje hat in man fan 32 jier út Noardburgum oanholden foar driigjen mei in bom yn in bus. Dat barde tusken Ljouwert en Burgum. By it ynstappen sieten der sawat 30 passazjiers yn 'e bus. De man hie in swarte tas by him en rôp dat dêr in bom yn siet. Ien fan de passazjiers pakte er by de kiel.

Guon passazjiers flechten de bus út doe't de sjauffeur yn Tytsjerk stilstie. De man sels naaide yn Quatrebras út. De plysje kaam him op it spoar nei tips en in ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)