Hynstehotel mei yn Noardwâlde

14 sep 2010 - 07:41

Yn Noardwâlde mei in hynstehotel boud wurde. De gemeenteried fan Weststellingwerf hat dêr moandei mei ynstimd. In projektûntwikkeler wol yn it hotel plak biede oan toeristen en harren hynders, dy't tochten meitsje wolle. It hotel is ek bedoeld foar dielnimmers oan hynste-eveneminten yn de omjouwing.

Yn it hotel is plak foar maksimaal 30 hynders. Ynwenners fan Noardwâlde binne tsjin it hynstehotel. Sy binne benaud foar oerlêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)