Earste toeristysk oerstappunt

Yn Noardwâlde yn Weststellingwerf komt as nij alternatyf foar it VVV-kantoar in toeristysk oerstappunt. Dat is in ynformaasjeplak dêr't toeristen en oare belangstellenden 24 oeren deis digitaal antwurd op fragen krije kinne. Se kinne dêr fyts- en kuierrûtes opsykje, mar ek adressen fan hotels of restaurants.
De ûntwikkeling fan it nije oerstappunt kostet 178.000 euro. As it langer bestiet, moat it goedkeaper wêze as in VVV-kantoar.