Dissidinte SP'ers moatte fuort

13 sep 2010 - 22:25

Dissidinte SP'ers yn de ried fan Snits en yn Provinsjale Steaten moatte fuortendaliks harren sit opjaan. Dat fynt Vincent Mulder fan it SP-haadbestjoer. Hy seit dat se mei in hanteken ûnthjitten hawwe de sit op te jaan as se út de partij stappe.

It haadbestjoer stiet net ta dat de SP by de gemeenteriedsferkiezings yn de Súdwesthoeke meidocht, omdat de ôfdieling te min aktive leden hawwe soe. Fjouwer SP'ers stappe no op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)