Nije partij docht mei yn SWH

13 sep 2010 - 17:13
  • Ynskriuwing fan de nije partij op it gemeentehûs yn Snits

De nije partij Verenigd Links/Feriene Lofts docht mei oan de ferkiezings foar de nije Súdwesthoeke-gemeente. De partij bestiet út eardere SP'ers. Dy binne út dy partij stapt út ûnfrede oer it belied. Want it lanlik bestjoer fan de SP hat besletten net mei te dwaan oan de ferkiezings foar de nije gemeenteried yn de Súdwesthoeke.

It SP-bestjoer fynt dat de ôfdieling Snits en omkriten der net klear foar is. De âld-SP'ers tinke dêr oars oer en dogge no mei in eigen partij mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)