Slokje Stûkesûpke yn Damshûs

13 sep 2010 - 16:03

Fryslân hat der wer in bysûnder slokje by. Iepenloftmuseum It Damshûs yn Nij Beets hat nammentlik it stûkesûpke yn eare hersteld. Om 1900 hinne makken de feanarbeiders lange dagen, fertsjinnen hast neat en in slokje wie djoer. Dêrom stookten se yllegaal in eigen drankje, it stûkesûpke.

It resept is koartlyn boppe wetter kommen en sa kin it slokje by it skimerjûnfestival presintearre wurde. Dêrnei is it drankje te krijen by it museum en by in sliterij yn De Sweach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)