Motorrider ûnderút by botsing

13 sep 2010 - 10:07

In 53-jierrige motorrider út Norg is sneintejûn by in ûngelok op de Trekwei by Walterswâld ferwûne rekke. In 27-jierrige automobilist út Arnhem stuts fan de Dokkumerleane de krusing mei de Trekwei oer en seach de motorrider net.

De motorrider besocht noch de auto te ûntwiken, mar klapte der boppe op. De man is mei ferwûnings oan earm en skonk nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)