Man ferwûne by ûngelok

13 sep 2010 - 08:07

In 34-jierrige automobilist út Easterwâlde is sneon ferwûne rekke by in ûngelok yn Grins. De man seach op de Weg der Verenigde Naties te let dat it ferkear foar him stilstie en botste tsjin in plysjeauto.

In 51-jierrige bestjoerder út Stadskanaal moast útwike en botste tsjin de fangrail. Hy rekke ek ferwûne. Der is in bloedproef by him ôfnaam om't de plysje tinkt dat de man drank op hie. Alle auto's rekken swier skansearre en moasten fuorthelle wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)