Van der Bos ferliest wer ris

12 sep 2010 - 17:45

It favorite partoer fan Gert-Anne van der Bos hat wer ris in wedstriid ferlern. Yn de lêste frije formaasjepartij fan it seizoen yn Marsum ferlearen Van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger ferrassend yn de finale fan Jan Dirk de Groot, Karel Nijman en Peter de Boer mei 5-3 en 6-0. Peter de Boer waard kening.

In soad keatsers wiene net oanwêzich yn Marsum. Sa wiene Johan van der Meulen en Pier Piersma by it Europeesk Kampioenskip yn Valencia.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)