'Pama syn ambysjes te heech'

12 sep 2010 - 16:06

Foarsitter Wim Sleijfer fan de Ried fan Kommissarissen fan Cambuur tinkt dat de ambysjes fan Cambuur-direkteur Alex Pama wat te heech binne. Dat seit hy as reaksje op it berjocht dat Pama twivelet oer syn takomst. Neffens Sleijfer is der gjin skeel tusken de Ried en Pama, mar giet it om in 'lyts ferskil fan miening oer it te fieren belied'.

Tusken Pama en finansjeel direkteur Van den Belt is der wolris wat striid oer de finânsjes, sa seit Sleijfer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)