Plysjefrou ûnseedlik betaaste

12 sep 2010 - 15:44

De plysje hat sneintemoarn betiid yn Drachten in Drachtster (19) oanhâlden op fertinking fan it oantaasten fan in plysje-aginte. De plysjefrou wie op de Noardkade mei kollega's yn petear doe't se fielde dat se ûnseedlik betaaste waard troch in man dy't achter har stie.

De dieder waard fuortendaliks oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. Neidat de man heard wie mocht de man mei proses-ferbaal it plysjeburo wer ferlitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)