Pama twivelet oer takomst

Alex Pama (foto: Martin de Jong)
It is mooglik it lêste jier fan Cambuur-direkteur Alex Pama. Dat sei Pama snein nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles. De ferhâldings tusken Pama en de Ried fan Kommissarissen binne de lêste tiid net sa goed mear. Neffens Pama wol de Ried oeral oer meibeslute. Pama fynt lykwols dat dat net mooglik is.
Pama sil dizze wike fierder neitinke oer de situaasje en hy sil dan in beslút nimme oer syn takomst as direkteur fan Cambuur.