Tredde autobrân op De Orion

12 sep 2010 - 13:42

De plysje ûndersiket in autobrân oan de strjitte De Orion yn Drachten, sneintemoarn om healwei sânen. De auto stie op de oprit fan in wente. In twadde auto wie troch bewenners al fuorthelle, mar hie wol skea.

Op 21 augustus en 10 septimber wiene der ek al autobrannen oan De Orion. De plysje hâldt rekken mei brânstifting. Ek ûndersiket de plysje in mooglik ferbân tusken de trije autobrannen. In frou (34) en in man (38) út Drachten hawwe oanjefte dien fan 'e autobrân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)