Lemsters oppakt foar klappen

12 sep 2010 - 13:33

De plysje hat sneontenacht op De Lemmer twa Lemsters oanhâlden foar it mishanneljen en bedriigjen fan in oare Lemster (29). It slachtoffer waard yn it sintrum troch trije manlju mei syn holle tsjin in stoeprâne slein. Ek waard hy mei ferskate wapens bedrige.

Nei it hearren fan it slachtoffer en tsjûgen koe de plysje twa fertochten oanhâlde. It giet om twa Lemsters fan 32 en 28 jier. Dy binne beide ynsletten foar neier ûndersyk. Nei de tredde fertochte wurdt noch socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)