Flechtoplieding yn Noardwâlde

It nasjonaal flechtmuseum yn Noardwâlde wol yn de takomst in profesjonele flechtopleiding oanbiede oan MBO- en HBO-studinten. Studinten en ambachtslju kinne yn it museum de ferskate flechtspesjalisaasjes leare.
Doel is om it ambacht fan it flechtsjen te behâlden. De winsk fan it museum is in stap tichteby kommen no't fanút Brussel in subsyzje fan 1 ton ferliend is foar dit inisjatyf. It museum rjochtet him foaral op kreative ambachtslju lykas meubelmakkers.