Wer aksje Feanwâldsterwâl

12 sep 2010 - 12:00
  • Feanwâldsterwâl leit yn Dantumadiel én yn Tytsjerksteradiel

In aksjekomitee freget de ried fan Tytsjerksteradiel nochris om Feanwâldsterwâl de doarpsstatus te jaan. De âlde ried stipe it fersyk fan it komitee om te ûndersykjen hoe't soks regele wurde kin.

Yn april wie der in ynformaasjeegearkomste en dêrnei hat der noch oerlis west mei boargemaster en wethâlders, mar de inisjatyfnimmers binne net tefreden mei de tasizzings dy't oant no ta dien binne. Dy soene de doarpsstatus net garandearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)