Ofdielings SP stypje partij

De ôfdielings fan de SP yn Fryslân steane achter it beslút fan it lanlik partijbestjoer om de Snitser ôfdieling net meidwaan te litten oan de riedsferkiezings yn de nije Súdwesthoekegemeente.
De ôfdielings hawwe oerlein en fine it spitich, mar stypje it partijbestjoer. Yn de statuten fan de SP stiet neffens de ôfdielings dat Snits allinnich oan ferkiezings meidwaan mei as it ôfdielingswurk op oarder is en dat is net sa.