NK skûtsjelûke yn Balk

11 sep 2010 - 16:50

Yn it sintrum fan Balk waard sneontemiddei it Nederlânsk kampioenskip skûtsjelûken hâlden. Ut it hiele lân kamen sterke manlju nei Balk om mei in tou sa gau mooglik in skûtsje oer de finish te krijen.

Der wiene fjirtich dielnimmers, manlju én froulju. Under kommintaar fan Wout Zylstra moasten sy sa fluch mooglik in skûtsje fjirtich meter ferpleatse. De measte dielnimmers hawwe likernôch 35 tellen nedich om in skûtsje oer de streek te lûken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)