Kanon Smellingerlân klear

De kanon fan Smellingerlan hat 31 finsters
Nederlân hat der ien, Fryslân hat der ien, mar no hat ek Smellingerlân as earste Fryske gemeente in eigen kanon. Sneon waard de kanon mei dêryn 31 haadstikken oer de skiednis fan de gemeente presintearre.
Yn it boek wurdt ûnder oare it libben fan de famylje Van Haersma beskreaun. Ek binne der finsters oer de tsjerken, de ferfeaning en skriuwer Rink van der Velde. De kanon fan Smellingerlân is te krijen by de histoaryske feriening Smelnes Erfskip.