Rob Barel wint Tri-Ambla

De Tri-Ambla sneon op It Amelân is wûn troch Rob Barel út Overberg. Hy kaam nei oardel kilometer swimmen, 36 kilometer mountainbiken en 12 kilometer hurdrinnen yn 2 oere en 30 minuten oer de streek. Bêste Fries waard Menno Iedema fan Drachten; hy waard 20ste. It wie in swier parkoers op It Amelân; benammen op it strân hiene de atleten it dreech.
It Amelân hie in ynternasjonaal fjild mei ûnder oare Belgen en Dútsers. Der kamen 680 atleten oan de start.