Drankrider trije dagen fêst

11 sep 2010 - 15:44

Nei klachten út de buert dat de man fierstente hurd troch De Kei yn de Ljouwerter wyk Bilgaard ried, is in 21-jierrige Ljouwerter yn de nacht fan freed op sneon oanhâlden. De man hie drank op. Omdat hy ek noch twa boetes betelje moast mar gjin jild hie, is de man foar trije dagen fêst set. Syn auto is yn beslach nommen.

Fjouwer oare automobilisten moasten harren rydbewiis ek ynleverje. It giet om trije Ljouwerters fan 20, 23 en 28 jier en in man út Swifterband.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)