EK-titel Fryske keatsters

11 sep 2010 - 12:32
  • De Fryske ploech yn aksje yn it One Wall Stadion
  • De huldiging fan de Fryske keatsters

De Fryske keatsters Marike Beckers fan Wytmarsum en Miranda Scheffer fan Menaam binne freedtejûn yn it Spaanske Massamagrell Europeesk kampioen muorrekeatsen wurden.

Yn it One Wall Stadion waard gastlân Spanje mei 2-1 ferslein. De earste set waard wûn troch Spanje. Beckers en Scheffer joegen in 8-3 foarsprong út hannen. Dêrnei waard Spanje troch de Friezinnen oan de kant setten en waard it 2-1 yn sets.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)