Oerfal op Poiesz yn Ljouwert

11 sep 2010 - 11:21
  • De plysje dwaande mei ûndersyk nei de oerfal (foto: Anton Kappers)

De Poiesz-supermerk oan de Wilgenstrjitte yn Ljouwert is sneontemoarn betiid oerfallen. Meiwurkers fan de supermerk waarden troch twa manlju mei bivakmûtsen op bedrige mei in mes. De dieven hellen de klûs leech en naaiden út.

De plysje sette in Burgernetaksje op. Ien fan 'e dielnimmers warskôge de plysje dat hy de manlju op it Vliet seach. De plysje pakte ien man op, mar dy hie neat mei de oerfal te krijen en is wer frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)