Rie foar Heraldyk wer folslein

Klaas Bekkema, Jan Anema en Peter Hans van de Muizenberg
De Fryske Rie foar Heraldyk is wer kompleet troch de beneaming fan trije nije leden. It kolleezje is yn 1956 oprjochte troch de Fryske Akademy. De sân leden wurde herauten neamd en hâlde har dwaande mei de Fryske heraldyk.
By de ynstallaasje fan Jan Anema, Klaas Bekkema en Peter Hans van de Muizenberg yn it gemeentehûs fan Beetstersweach waard de mannen de tabbert en oare tradisjonele fersiersels omhongen.