Wenningkorporaasje Balk bêste

10 sep 2010 - 14:43

Wonen Zuidwest Friesland yn Balk is opnij de bêste wenningkorporaasje fan de trije noardlike provinsjes. Dat hat it Kwaliteitssintrum Woningcorporaties Huurwoningen bepaald. Dat sintrum toetst de wenningkorporaasjes ûnder oare op it útfieren fan reparaasjes, op it jaan fan ynformaasje oer hierwenningen en op de iepeningstiden.

Wonen Zuidwest Friesland hat dêrfoar gemiddeld in 7,8 krigen, dat is krekt wat heger as it lanlik gemiddelde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)