Hoanne liftet Nederlân troch

De hoanne fan in bedriuw út it Grinzer Noordhorn hat de ôfrûne dagen in lange reis troch Nederlân makke, dy't einige op It Hearrenfean. It bist lifte dizze wike op de achter-as fan in frachtwein mei nei Rotterdam in reis fan 265 kilometer. De sjauffeur, dy't de hoanne werkende, besocht it bist te fangen, mar dat slagge net.
In dei letter waard de hoanne fûn op It Hearrenfean, neidat er opnij mei in frachtwein meiriden wie. Op It Fean slagge it wol it bist te fangen.